In oare wei - mei oare eagen
Afbeelding van In oare wei - mei oare eagen
Afbeelding van In oare wei - mei oare eagen

In oare wei - mei oare eagen

In earlik en inspirearjend ferhaal fan in sterke frou dy’t de moed hat, har eigen wei te gean

€ 19,50



    Omschrijving

    Op in dei, as Willemien op har wurk dwaande is mei in folder, giet it net sa’t se wol. Se makket in protte flaters mei typen en de tekstyndieling giet ek hielendal ferkeard. Letter hat se muoite mei it autoriden en thús rint se iderkear by de doar op. Har sicht wurdt hieltyd minder en se wurdt der bang fan.
    De húsdokter stjoert har troch nei it sikenhûs en fia de eachdokter komt se by de neurolooch terjochte. En dan docht bliken, dat se twa harsenynfarkten hân hat. Binnen in tiidsbestek fan twa jier krijt se in oare diagnoaze: MS.
    Willemien fertelt hoe't har libben hjirtroch folslein feroare is. Doe pas is se begûn, har erfaringen fan eartiids te ferwurkjen.
    Se nimt de lêzer mei troch har libben en fertelt û.o. oer har skieding en de swierrichheden by it grutbringen fan har bern. Mar ek oer har syktocht om sa sûn mooglik te bliuwen en oer de tiid dat sy folle bewuster begûn te libjen. It wie in drege wei, mar se hat der in hiel protte fan leard.

    Troch har ferhaal te fertellen yn dit boek, hopet se oaren te stypjen dy’t ek mei soksoarte swierrichheden te krijen hawwe.


    Inoarewei_Inkijk.pdf

    Formaat 145x210x17 mm
    Aantal pagina's 173
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur Wilma Miedema
    Biografie

    Wilma Miedema (1969, Drachten) folge in ferpleechkundige oplieding, mar koe dy fanwege sykte net ôfmeitsje. Se hat in eigen praktyk om minsken te begelieden by bewustwurding. Dêrneist docht se in protte frijwiligerswurk lykas yn in hospice yn Drachten, by De Zonnebloem en op oare plakken dêr’t se foar frege wurdt. Se is posityf en spiritueel ynsteld en hâldt in protte fan bisten en de natoer. Se is mem fan twa jongens en wennet sûnt 2016 mei har partner yn Ried.

    Yn In oare wei – mei oare eagen, har debút, fertelt se oer har libben mei MS en de wize wêrop’t se dêrmei omgiet.

    Verschijningsdatum 30-11-2019

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-94-6365-190-5
    EAN nummer
    9789463651905
    Auteur
    Wilma Miedema