It iene hellet it oare út
Afbeelding van It iene hellet it oare út
Afbeelding van It iene hellet it oare út

It iene hellet it oare út

Meindert Bylsma nimt yn assosjaasjeroman lêzer mei op in noflike reis troch ûnder oaren it Fryske literêre lânskip

€ 18,95



    Omschrijving

    Jo sille it no grif wol yn ’e gaten hawwe, achte lêzer, dit boek sil alle kanten út fleane. It ûntstiet. Ik ha gjin fêst plan. Ik sil mei feit en fiksje yn ’e kamp gean. As wie it yn in hurdfytswedstryd. Der kin feit yn myn bidon sitte, of feit mei in flut fantasije der trochhinne, mar it kin likegoed fiksje wêze, of fiksje mei in steal wierheid der yn.

    Dizze assojaasjeroman rint ‘fan koarstekoeke nei jenever’. It begjint en eindiget mei it jonkje Timen,dat gauris te let op skoalle komt, omdat wat er ûnderweis tsjinkomt, him fan it iene yn it oare bringt, mar net op skoalle.

    En sa komt ek Meindert Bylsma fan it iene op it oare en hy jout syn fisy op de maatskippij en it libben op syn eigen orizjinele wize wer. Ryk fan taal en mei in iroanyske ûndertoan nimt er de lêzer mei op in noflike reis, ûnder oaren troch it Fryske literêre lânskip dêr’t hy sels ek kleur en smaak oan jout.


    Itienehelletitoareut_Inkijk.pdf

    Formaat 145x210x23 mm
    Aantal pagina's 246
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur xxxxx
    Biografie

    Meindert Bylsma (*1941) waard berne yn Wergea. Hy folge in oplieding ta ûnderwizer en joech in skoft les om utens. Pleage troch ûnwennigens kaam er al gau wer yn Fryslân (Kimswert) werom. Bylsma bleau oant syn pensjonearring learaar Nederlânsk en nifeljen yn Harns. Hy is de skriuwer fan in grut oeuvre, sawol poëzij as proaza, mei in opfallende kombinaasje fan boartlikens en earnst.

    Verschijningsdatum 05-09-2020

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-94-6365-257-5
    EAN nummer
    9789463652575
    Auteur
    Meindert Bylsma