It libben sels (e-boek)
Afbeelding van It libben sels (e-boek)
Afbeelding van It libben sels (e-boek)

It libben sels (e-boek)

It libben sels giet oer it mislearjen fan it houlik fan de ferteller en Dette. It is de fyfde kear al dat him in houlik misrint

€ 6,-



    Omschrijving

    It libben sels giet oer it mislearjen fan it houlik fan de ferteller en Dette. It is de fyfde kear al dat him in houlik misrint. Yn ’e rin fan it boek wurdt dúdlik dat soks elke kear syn eigen skuld west hat, om’t hy mear oan seks as oan syn froulju hinget. Elke kear as de schwung derút rekket, siket de ferteller in útwei. Hy jout yn koarte oant tige koarte haadstikken in byld fan syn libben, bytiden absurd en hilarysk. De tsjoen by it lêzen fan de tekst ûntstiet net trochdat in plot ôftriedde wurdt, mar trochdat de lêzer in hyltyd folsleiner mozayk-byld kriget fan de haadpersoan. De styl fan skriuwen is sûnder omballingen, abrupt en faak poëtysk. Foar dit boek krige Piter Boersma yn 1998 de Gysbert Japicxpriis.

    Dizze twadde printing is in werútjefte fan de earste printing út 1997.

    It libben sels ropt fragen by de lêzer op en dat is net in lytse fertsjinste.
    Babs Gezelle Meerburg yn it Friesch Dagblad

    As It libben sels it lêzen wurdich is, dan sit him dat net yn it ferhaal, mar yn it fertellen. […] It is de foarm fan It libben sels dy’t it boek syn wichtichste wearde jout. It sketst in byld fan de rike earmoed fan it hjoeddeiske belibjen. Wy tinke yn tûzenen bylden en skeppe dêrmei ús eigen hyltyd mear iendiminsjonale wrâld.
    Hylke Tromp yn Hjir

    Formaate-boek
    Aantal pagina's151
    Levertijd0 werkdagen
    AuteurPiter Boersma
    Korte levensbeschrijving

    Piter Boersma (1947) folge de roomske kweekskoalle en wurke dêrnei as ûnderwizer oan in basisskoalle yn Ljouwert. Hy helle it eksamen MÛ-B Frysk en is fan 1977 ôf as leksikograaf ferbûn oan de Fryske Akademy. Hy is al fjirtich jier warber as Frysk skriuwer en dichter. Yn 1972 wie er mei-oprjochter fan it literêr tydksrift Hjir en hy is no redaksjelid fan Ensafh.

    Verschijningsdatum2012-03-10

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-375-2
    EAN nummer
    9789089543752
    Auteur
    Piter Boersma