Middlemarch
Monumintale klassiker fan George Eliot mei hege status yn de Ingelse literatuer oerset yn it Frysk troch Geart fan der Mear
€ 39,95
Omschrijving
De roman Middlemarch, A Study of Provincial Life fan George Eliot (skriuwersnamme fan Mary Ann Evans, 1819-1880) ferskynde yn 1871-2 en spilet yn 1829 - 1832, de tiid fan de grutte herfoarming fan de Ingelse kieswet. Dit tsjokke boek bestiet út ferskillende ferhaallinen, dy’t har konsintreare op de fraach: wat moat ik mei myn libben en hoe kin ik, tsjin de achtergrûn en mooglikheden fan de tiid, myn idealisme stal jaan? Yn it bysûnder giet it boek oer de fraach wat de rol fan de frou wêze kin en moat yn it houlik, yn in tiid dat der foar in frou amper de romte bestie foar de ûntwikkeling fan har eigen talinten. It boek iepent mei it ferhaal oer de 19-jierrige wees Dorothea Brooke, dy’t mei har jongere suster Celia bij har omke wennet, in rike lânhearre. Sij komt yn de kunde mei de toarre, pedante en folle âldere dominy Casaubon, dy’t in grutte stúdzje skriuwe wol oer de kaai ta alle mytologyen. Dorothea, dy’t earst har idealisme bod besocht hie te jaan troch der bij har omke en syn buorman op oan te stean om de earmoedige klintsjes fan har pachters te ferbetterjen en te modernisearen, tinkt dat se Casaubon helpe kin bij syn wurk, en sa op dy manier as frou heel wat betsjutte kin. As hij har in houliksoansyk docht nimt se dat oan, al binne alle oaren om har hinne derop tsjin. Al gau, lykwols, docht bliken dat dat boek noait klearkomt, feitlik net folle foarstelt, en dat har man har stipe, en al gau ek har krityk, net ferneare kin. It houlik is gjin sukses, Casaubon sukkelt mei syn sûnens, en wurdt jaloersk op syn achterneef Will Ladislaw, in beppesizzer fan in muoike fan Casaubon, dy’t ûnterve wie fanwege in houlik ûnder har stân, mar Casaubon hat Will wol ûnderholden en op syn kosten studeare litten. Hij fermoedet dat Dorothea wol foar Will fjilt. As Casaubon komt te stjerren blykt dat er Dorothea ûnterve hat yn it gefal dat se mei Will trouwe soe. In oar gefal fan in mislearre houlik is dat fan de jonge idealistise húsdokter Lydgate: syn kreaze frou Rosamond hat inkeld mar niget oan de wenstige rol fan de húsfrou, te witten deftige besites ûntfange en ôflizze, en moaie klean. Lydgate wol wat yn de medise wittenkip betsjutte, en docht thús wat eksperiminten, mar alles brekt him bij de hannen om’t ôf. Syn frou wurket him tsjin, en syn kollega’s ha in skalk each op him en syn nijmoadrige ideeën. Lydgate rakket troch har djip yn de skulden en mislearret as fernijend dokter. In oare ferhaalline is de ferkearing fan Fred Vincy en Mary Garth: Fred soe dominy wurde kinne, mar hat dêr sels gjin sin oan, wylst Mary seit dan net mei him trouwe te wollen, want sij fynt dat dat amt totaal net bij him past. Troch it hele boek hinne spilet ek noch de fraach, foaral yn ferbân mei de bankier Bulstrode, yn hoefier’t der in luchtsje sit oan syn jild. It boek Middlemarch, in fiktyf stedsje yn de midden fan Ingelân, hat in hege status yn de Ingelse literatuer. It is wol in psychologise roman neamd fanwege de djipgeande subtile analyses fan de beweechredenen fan de haadfigueren.
Formaat | 170x240 mm |
Aantal pagina's | 784 |
Levertijd | 2 werkdagen |
Auteur | Geart fan der Mear |
Biografie | Geart fan der Mear (b. 1944 Toppenhuzen) studearre Ingelsk en Frysk yn Grins en wurke fan 1970 oant 2009 by it Ingelsk Ynstitút fan de Grinzer universiteit, mei in ûnderbrekking fan fiif jier (1985-1990) doe’t er oan dyselde universiteit by it Frysk Ynstitút wurke. Fan 1976 oant 1982 wie er ien fan de redakteuren fan Trotwaer. Yn 1985 promovearre er op in proefskrift oer de ‘brekking’ (bgl. beam-beammen) yn it Frysk. Nêst taalwittenskip, mei de lêste goed 17 jier foaral de leksikografy, hat ek it oersetten altyd syn niget hân, foaral de praktyske kanten dêrfan, dy’t er tapasse koe yn syn kursussen literêr Ingelsk-Nederlânsk oan de universiteit. Middlemarch is de 14e klassiker út de wrâldliteratuer dy’t er oerset hat. De komplete list fan oersettingen is: 2009: It Paradys Ferlern (Paradise Lost, John Milton, 1674). 2010: Tess fan de D’Urbervilles (Tess of the D’Urbervilles, Thomas Hardy, 1891) 2011: De fal fan Camelot (Idylls of the King, Alfred Tennyson, 1888) 2011: De val van Camelot (Idylls of the King, Alfred Tennyson, 1888) 2013: De griene ierde (Green Earth, Frederick Feikema Manfred,1973) 2013: De tiidmasine (The Time Machine, H. G. Wells, 1895) 2015: David Copperfield (David Copperfield, Charles Dickens, 1850 ) 2017: It geheim fan Lord Jim (Lord Jim, Joseph Conrad, 1900) 2018: Fier fan alle drokte (Far from the Madding Crowd, ThomasHardy, 1874) 2019: Sulver en minsken (Nostromo, Joseph Conrad, 1904) 2020: De Oerwinning (Victory, Joseph Conrad, 1915) 2021: It libben en de opfettingen fan de hear Tristram Shandy (The Life and Opinions of Tristram Shandy, Gentleman, Laurence Sterne, 1767) 2022: De woeste hichten (Wuthering Heights, Emily Brontë, 1847) 2023: Yn de tiid fan de Guillotine (A Tale of Two Cities. Charles Dickens, 1850) |
Verschijningsdatum | 11-02-2025 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-94-6365-736-5
- EAN nummer
- 9789463657365
- Auteur
- Geart fan der Mear