Oer it wetter (cd)
Afbeelding van Oer it wetter (cd)
Afbeelding van Oer it wetter (cd)

Oer it wetter (cd)

Muzyk en poëzij, ynspirearre op it tema Oer it wetter, gearbrocht op cd

€ 10,-



    Omschrijving

    Yn de simmer fan 2010 frege Tryntsje van der Veer skriuwers, dichters en muzikanten dy’t se koe fia Tresoar om eat te meitsjen mei as tema ‘Oer it wetter’. Dat levere in rike rispinge fan allegear materiaal op dat sa goed byinoar paste, dat se it fêstlizze woe yn boek en cd. Op 9 en 16 oktober 2010 waarden de teksten en muzyk opnaam. De poëzij, fertellingen en lietteksten waarden somtiden ferstille brocht, sweevjend op in weach fan sêfte klanken, mar dan wer krêftich en yntins. De fariaasje yn muzyk wie fan dimmen, jazzy, folk oant metal. Dat alles yn in mjuks fan solostikken en gearwurking, ynklusyf ymprovisaasje. De skriuwers en útfierders wurken mei passy. Guon hiene fakminsken by har útfiering belutsen, oaren in selskip en ek die in koar fan diriginten mei.

    Op de cd en yn it boek dit nije Fryske wurd en lûd. Yn it boek is ek de fisuele diminsje fan wetter en ferbining meinaam. Dat omfettet wurk fan en fia de skriuwers en fotowurk fan Ouke Kooistra, Johan Veenstra en Coby Bandstra.

    myn dream komt oanfarren
    oer de mar de seilen strutsen

    Aukje Kloppenburg

    dûbelskouderich mei mânsk basalt

    Edwin de Groot

    der is gjin tiid en
    der is alle tiid

    Geke Houwer

    ik ha in in wûnder sjoen

    Meintsje Brouwer

    Oeritwetter_Inkijk.pdf

    Formaat
    Aantal pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurTryntsje van der Veer
    Korte levensbeschrijving

    Tryntsje van der Veer (1960, Nijegea H.O.) is graach dwaande mei taal, ritme en muzyk. Sy skriuwt, dichtet en sjongt al langere tiid. Yn har famkesjierren wûn se in priis mei in fers yn ’e Lyrische Krante, it byblêd fan de Ljouwerter. Om utens stjoerde sy sa no en dan wurk yn foar in priisfraach. Sa foel sy by Poëzie yn Sutfen yn ’e prizen mei it fers ‘Accoord’.

    Yn 2008 waard har bydrage opnommen as ‘Zomerste dichtregel’ yn ’e Volkskrant. It stik gong oer de skriuwer, dichter en ek har learmaster yn ’e psychiatry Rutger Kopland.

    No’t sy sûnt 2008 foar in part fan ’e wike wer yn Fryslân tahâldt, wurde op it mêd fan it skriuwen weirekke boarnen oanboarre. By Tresoar joech de kursusploech fan Jurjen van der Meer in earste oantrún mei lietteksten as resultaat. Har ynstjoering foar de ‘Skriuwerskalinder 2010’ oer “Wat Oars” waard pleatst en hannelt oer de seizoenen.

    No folget sy lessen by Eppie Dam en Abe de Vries en wurket oan ferdjipping yn hjoeddeisk Frysk. It is stoef mar foldocht poerbêst. It past goed by har wurk as psychiater en psychoterapeut, dêr’t fanút in analyze fan sitewaasjes wei socht wurdt nei it meast ferklearjende model mei de minste eleminten. Dat wurd yn terapy oanpakt.

    Yn 2008 liet sy Jitske Kingma fan Elikser wat bjusterbaarlike ferhaaltsjes lêze en simmer 2009 kaam sy oan mei in map fol haikû’s. It die bliken dat de teksten ek oare oansprieken.

    Verschijningsdatum2010-11-21

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-814989-2-0
    EAN nummer
    9789081498920
    Auteur
    Tryntsje van der Veer