Op 'e literaire toer
Afbeelding van Op 'e literaire toer
Afbeelding van Op 'e literaire toer

Op 'e literaire toer

Sammelbondep poëzij en proaza fan Hessel Miedema

€ 17,50



    Omschrijving

    Hast alle opnommen wurk yn dizze sammelbondel hat earder yn it literêr tydskrift Quatrebras stien. By de poëzij is de leafdessyklus ‘Trettjin fersen’, mei de bekende rigels: ‘dêrom lei ik de kul oer ’t skouder / en reizge floitsjend ôf’, en de grutte sykli ‘Stadich brekke de foarmen út ’e skyl’ en ‘De greate wrakseling’. Proaza: elf koarte ferhalen yn in yn syn tiid nije styl, sûnder ynterpunksje en haadletters, fol fan kontinu streamende taal dy’t de lêzer meifiert as yn in film. Fierder in ienakter, in krityk en in Hollânsktalige ôfskiedsbrief. Fan ‘De greate wrakseling’ ferskynde yn 2005 in aparte nije útjefte by útjouwerij Venus.

    Dizze útjefte is de werútjefte fan de earste printing út 1973. It boek is net omstavere.

    ‘De greate wrakseling’ soe it epos fan it skeppingsproses neamd wurde kinne of it epos fan de moderne minske, dy’t it paad bjuster is, dy’t weet hat fan oarsprong en sin en opnij begjinnen, fan de ivige ûnderstream fan it libben en dy’t syn hâldfêst fynt yn it skeppend, it dichterlik dwaande wêzen. Wat stil stiet ferkomt.

    Sjoerd Leiker yn De Tsjerne

    Yn Miedema hat Fryslân in skriuwer fan alluere hân, mar suver gjin mins ken him, lêst him en wurdearret him.

    Tr. Riemersma yn It koarte forhaal yn ’e Fryske literatuer fan de tweintichste ieu

    De besieling, passy en driuw dy’t dat gedicht [de grutte wrakseling] jeie en de manier sa’t de dichter mei nije foarmen boartet, hawwe yn de Fryske poëzy amper har gelikens.

    Eeltsje Hettinga ynde Moanne

    Formaat125x200 mm
    Aantal pagina's183 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurHessel Miedema
    Korte levensbeschrijving

    Hessel Miedema (1929), hikke yn Snits, tein yn Amsterdam, studearre keunstskiednis. Yn it begjin fan syn studintetiid slute er him oan by it Fryske studinteselskip Cygnus resurgens. Yn dy rûnte ûntstie yn 1954 it literêr tydkskrift Quatrebras. Miedema wie fan 1960-1963 redakteur. Fan 1957 oant 1963 wie er konservator fan it keramykmuseum ‘Het Princessehof’ yn Ljouwert. Dêrnei gie er werom nei Amsterdam. Hy skreau gjin literêr wurk mear en waard yn Fryslân in leginde tsjin wil en tank.

    Verschijningsdatum2010-04-09

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-169-7
    EAN nummer
    9789089541697
    Auteur
    Hessel Miedema