Pûlen-yn-de-pot
Studintemiljeu, leafde en identiteit tema’s yn flotte fyfte roman Sjieuwe Borger
€ 21,50
Omschrijving
Sybren joech him oer oan it feest fan it yrrasjonele sûnder ien remming te fielen. Meidwaan ûnderstelde frijwilligens, dêr wie lykwols gjin sprake fan, mar dat joech no neat. Hy gong op yn it momint en liet him meitôgje troch it fjoer fan de ûnberonge groepsdrift. De ober hie besocht harren del te bêdzjen. Doe’t Richie in klap fan him krige waarden de soasjeteitsleden sels lilk en soene sy de ober te nei. De praeses fan de Kroechkommisje wie der lokkigernôch foar sprongen. Sybren liet de skurvens no oer him komme. Der siet eat ferskriklik mis. Hy hie syn eigen yndividualiteit oerjûn en him oerlevere oan de machten fan de groep. It wie net te miskennen dat Anjelique der prachtich útseach, syn jierklubmaten soene him dêr ek op wurdearje. Mar dy wurdearring woe er net. De twifel begûn stadichoan op te lossen.
Dates binne maklik te skoaren yn it studintelibben, mar froulju binne komplisearre. Se sizze net altyd wat se tinke en ferwachtsje fan alles fan Sybren mar se sizze net dúdlik wat. Hy siket in balâns tusken frijheid en ferbining en stelt himsels dêrby essinsjele fragen oer doel en wearde fan syn libben.
De fyfte roman fan Sjieuwe Borger lit de ûntjouwing fan Sybren sjen tsjin de eftergrûn fan it studintebestean yn de stêd en op it plattelân.
Formaat | 145x210x19 mm |
Aantal pagina's | 197 |
Levertijd | 2 werkdagen |
Auteur | Sjieuwe Borger |
Biografie | Sjieuwe Borger waard berne yn Meppel. Syn ierste bernetiid brocht er troch yn Gythoarn dêr’t syn heit ûnderwizer wie oan de iepenbiere legere skoalle. Dêrnei ferfearne sy nei Grou, en makke er it doarpslibben mei alle innen en oanen mei. Hy die gymnasium yn It Feen en studearre dêrnei rjochten yn Grins. Op de legere skoalle begûn er mei skriuwen. Der is in boekje út dy tiid, it siet der altiten al yn. Syn freon Durk van der Veen sette him wer te skriuwen oan en tegearre hiene sy ein jierren 90 in fúljeton yn de Blauwe Fedde fan Nyk de Vries en Meindert Talma. Dêrnei fûn de skriuwer syn styl. Ien fan syn skaaimerken is de ferteller as observator. Mei Pûlen-yn-de-pot komt dat wer goed nei foarren. |
Verschijningsdatum | 09-12-2018 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-94-6365-110-3
- EAN nummer
- 9789463651103
- Auteur
- Sjieuwe Borger