Sibbeltsje
Afbeelding van Sibbeltsje
Afbeelding van Sibbeltsje

Sibbeltsje

Tragy-komysk, flot skreaun ferhaal oer it lange libben fan in krigele frou mei in mankemint oan de heup en in gebrûksoanwizing 

€ 17,95



    Omschrijving

    It is in brikenien.’ Dat hie dokter sein doe’t er Sibbeltsje helle. Sok praat hie de mem slim rekke, mar heit Ypke miende dat it faktaal wie: it wie de diagnoaze. En och, as sa’n popke yn ’e widze leit mei de tekkentsjes der kreas oerhinne dan falt it net op dat it in mankemint oan de heupe hat. Dêrom eamelen de oare memmen der earst net bot op om. Ek by it lettere omkrûpen seach men noch net sa dat it iene poatsje wat koarter wie as it oare. Mem wie fol begrutsjen doe’t de earste stapkes kamen en Sibbeltsje nei foaren skokte en skeukte. Har kopke gie der suver wat nei stean en dat makke it noch begrutliker.

    Sa begûn it libben fan Sibbeltsje yn de wrâld. De earste jierren brocht se troch yn it Paradyske ûnder Kollum en dat wie in moaie tiid. Mar letter kaam de tragyk yn har libben, mei it ferstjerren fan har mem. Lykwols, se lit de moedfearren net hingje en pakt op, wat op har wei komt. Yn 50 haadstikken wurdt har libben as help yn har heit syn húshâlding, as tsjinstfaam yn by rike minsken en letter as troude frou beskreaun.

    Jabik Jans Klimstra docht dat mei in protte faasje en humor. Hy hat each foar de tragyk, mar ferjit de komyske aspekten seker net. Hy set it lange libben fan dizze krigele frou mei in protte each foar detail yn de ferve. It boek ferrast en fermakket fan begjin oant ein. Klimstra ferstiet de keunst minsken en situaasjes ta libben komme te litten.

    De ferhalen binne earder publisearre yn it Friesch Dagblad.

    Formaat125 x 200 mm
    Aantal pagina's189 pagina’s
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurJabik Jans Klimstra
    Korte levensbeschrijving
    Verschijningsdatum2009-11-26

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-136-9
    EAN nummer
    9789089541369
    Auteur
    Jabik Jans Klimstra