Tantalus Trilogy (e-boek)
Afbeelding van Tantalus Trilogy (e-boek)
Afbeelding van Tantalus Trilogy (e-boek)

Tantalus Trilogy (e-boek)

Momumintale roman, dêr’t de trije dielen fan de Tantalus-searje yn bondele wurde, oer it libben fan Fayda Eldamaty

€ 8,50



    Omschrijving

    Misdied en leafde yn Egypte

    Yn dizze momumintale roman, dêr’t de trije dielen fan de Tantalus-searje yn bondele wurde, beskriuwt Manuela Köster it libben fan Fayda Eldamaty. Fayda is in tige selsstannige frou, dy’t wit hoe’t se mannen, om te begjinnen har heit Safout en har omke Sabaan, betsjoene en bespylje kin. Se is moai, yntelligint, boartlik, sensueel en benammen mysterieus. Safout stiet oan it haad fan in misdiedorganisaasje, it saneamde Alexandrië Kartel, dat operearret fan Caïro en Alexandrië út. Sabaan bestjoert de ôfdieling fan it Kartel yn Alexandrië. Mar as de gloarjetiid fan it Kartel foarby is en Fayda yn in sel sit, liket it of sil se nea mear frij komme. Op tige betûfte wize slagget har dat dochs. En as se tinkt dat se har libben op de rails hat, bringt de fermissing fan har sweager dêr feroaring yn. It is it begjin fan in ferwoeden striid om alles te’n goede te kearen. De ûnbekende tsjinstanner driuwt har hieltyd mear yn it nau. Om him te ferslaan siket se stipe by immen út har ferline.
    Skriuwster Manuela Köster toant mei dizze flot skreaune, ferrassende en spannende misdiedromans, dat se in betûft ferteller is, dy’t út in grutte ferbyldingswrâld putte kin. Se nimt de lêzer mei yn in wrâld fan misdied, yntriizje, macht en leafde. Har flotte styl mei soepele dialogen lêst noflik en hâldt de oandacht oan de ferrassende ein ta beet.

    Formaat e-boek
    Aantal pagina's 774
    Levertijd 0 werkdagen
    Auteur Manuela Köster
    Biografie

    Manuela Koster is berne op 11 july 1969 yn Dokkum. Hja is it ienlingsbern fan in Fryske mem en in Dútske heit. It grutste part fan har libben hat hja yn Burgum wenne, oant de leafde har úteinlik nei Gordyk brocht.

    Berne mei in komplissearre hertôfwiking hat it libben foar har syn beheiningen. It skriuwen stelt har yn steat dit te kompensearjen en, yn alle gefallen op papier, it ûnmooglike mooglik te meitsjen.
    Eartiids lei har ynteresse by de Science Fiction. Tsjintwurdich giet dy út nei misdiedferhalen. Earder binne fan har trije ferhalen útjûn yn ferskate ferhalebondels.

    Te witten:

    De Sinnemoarden yn: 20 Simmerferhalen – 2000.

    De Mediamoarden yn: 21 Nije Fryske winterferhalen – 2001.

    Gifslang yn it paradys yn: De Riedsels fan it hert – 2003.


    Verschijningsdatum 12-07-2016

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-872-6
    EAN nummer
    9789089548726
    Auteur
    Manuela Köster