Trude
Afbeelding van Trude
Afbeelding van Trude

Trude

Roman yn geef folksaardich Frysk oer it boerewurk en it boerelibben

€ 18,50



    Omschrijving

    Dizze roman fertelt oer tsien jier út it libben fan de prachtige blesfos Trude. It ferhaal einiget by de befrijing. In oarlochsboek is dit boek fan Hoatse de Jong net, mar it rekket de tastannen yn ’e besettingsjierren wol. Want de minsken om Trude hinne wurde ek beskreaun: de boer, in fûle nsb-er, en syn dochter, fereale op de feint dy’t neat fan de Dútsers witte wol. Uteinlik wurdt de blesfos foardere trocht de besetter. Hoatse de Jong skriuwt yn geef folksaardich Frysk oer it boerewurk en boerelibben.

    De earste printing fan it boek ferskynde yn 1953. Dizze fyfte printing is in werútjefte fan de fjirde út 1994 yn de rige ‘Fryske Klassiken I’, mei in neiwurd fan Tineke Steenmeijer-Wielenga.

    Wat de stof oanbelanget, is De Jong binnen de grinzen fan syn kennis en ûnderfining bleaun. En hy beskriuwt dat stik boere- en hynstelibben net allinne mei kennis fan saken, mar ek mei leafde. Net djip of grut, noch yn fûle spanning, mar dochs wol sa nijsgjirrich dat it de belangstelling oan de ein ta geande hâldt.

    E.B. Folkertsma yn De Tsjerne yn 1954

    It opfallendste oan Trude is, tinkt my, it sykjen nei it arkadië, de lânsdouwe dêr’t alles yn harmonije is. De Jong giet mei opsetsin de konflikten út ’e wei en lit yn Trude syn oanstriid ta moaiskriuwerij sjen. Yn it tekenjen fan leaflike lânskippen is De Jong in master.

    Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant yn 1994

    Formaat140x210 mm
    Aantal pagina's193 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurHoatse de Jong
    Korte levensbeschrijving

    Hoatse de Jong (1884 – 1982) wurke as boere-arbeider, laborant en keallesketser. Hy debutearre yn 1920 yn it wykblêd Sljucht en Rjucht en waard in produktyf folksskriuwer. Hy skreau romans, ferhalen, feuilletons en revu’s.

    Verschijningsdatum2011-04-08

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-293-9
    EAN nummer
    9789089542939
    Auteur
    Hoatse de Jong