Ut ʼe Klûs fan Suster Berta
Afbeelding van Ut ʼe Klûs fan Suster Berta
Afbeelding van Ut ʼe Klûs fan Suster Berta

Ut ʼe Klûs fan Suster Berta

Opfettings oer religieuze ûnderwerpen fan de midsieuske Suster Bertken, oerset yn it Frysk troch Klaas Bruinsma

€ 15,50



    Omschrijving

    Wurken fan Suster Bertken

    Suster Berta, yn it Nederlâns bekend as Zuster Bertken (1427-1514), wie de ûnechte dochter fan de pryster Jacob van Ligtenberg, proast fan it kapittel fan de Sint Piterstsjerke fan Utert. In grut diel fan har libben hat hja - op eigen fersyk - ynmitsele west yn in klûs oan ’e bûtenkant fan de Buurkerk yn Utert, dy’t hja op eigen kosten bouwe litten hie. Dy klûs hie twa finsters; troch it iene koe hja sjen op it alter, troch it oare seach hja wat op ’e strjitte barde.
    Yn har sel rjochte hja har alhiel op God, libbe har libben yn strange ûnthâlding, joech rie oan foarbygongers en hold harsels dwaande mei spinnen en weven. Én mei skriuwen.
    Twa jier nei har dea ferskynden by de printer Jan Berntsen yn Utert twa boekjes, it saneamde Passyboekje oer it lijen en stjerren fan Kristus en Suster Bertkens boek, har eigen opfettings oer sân religieuze ûnderwerpen. Har wurk falt binnen de tradysje fan de Moderne Devoasje fan de Broeders des Gemenen Levens, dy’t de neifolging fan Kristus sintraal stelden.
    Klaas Bruinsma hat it wurk fan suster Berta oerset yn treflik Frysk.

    Formaat 125x200x10mm
    Aantal pagina's 100
    Levertijd 2 werkdagen
    Vertaler Klaas Bruinsma
    Biografie

    Nei syn pensioen hat Klaas Bruinsma (1931, Easterein) him hielendal wijd oan syn grutte leafde, it oersetten fan klassiken út de wrâldliteratuer. As gymnasiast wie er dêr al mei begûn. Yn 1993 krige Bruinsma de dr. Obe Postma-priis foar syn oersetting fan trije trageedzjes fan Sofokles: Filoktêtês, Kening Oidipoes en Oidipoes yn Kolonos. It sjueryrapport meldde dat Bruinsma yn syn oersetting tichte by de oarspronkelike tekst bleau, mar dat hy oersette mei each foar it feit dat de stikken bedoeld binne om te spyljen. Yn 1993 krige Bruinsma de kultuerpriis fan de gemeente Gaasterlân-Sleat 'foar syn fertsjinsten foar it behâld fan de Fryske taal.' Yn 2005 is him opnij de dr. Obe Postma-priis tagekend, no foar syn oersettingen yn it tinkboek fan Gysbert Japix, de bundel Lânwurk mei de oersetting fan Vergilius' Georgika, en mei namme foar syn oersetting fan de Ilias en de Odusseia fan Homêros. De publikaasje hjirfan krige in soad oandacht.
    By Utjouwerij Elikser binne de ôfrûne jierren in tal Fryske oersettingen ferskynd fan Bruinsma syn hân: Marike fan Nijmegen/Elkenien (2009), Floaris en Blankefloar (2009), De Roman fan Walewein (2010), De striid tusken Froasken en Mûzen (2010), Fergút (2011), Moriaan, de Swarte Ridder (2011), Sint Brandaan yn fjouwerfâld (2012), Ut Beda syn HEGA (2013), Fersen fan en foar Gadso Coopmans (2013), Blomlezing ut e Spaanse poezij (2014).


    Verschijningsdatum 18-09-2015

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-791-0
    EAN nummer
    9789089547910
    Auteur
    Klaas Bruinsma
    Vertaler
    Klaas Bruinsma