Yn it skaad fan de wolf
Ingrey sjocht himsels as in sljochtwei kriichsman, sij it ien mei in boppenatuerlik erfskip, en as in trou tsjinner fan ’e segelmaster, hear Hetwar, dy’t it Wold regearret no’t de hjelkening op stjerren leit. Mar as der op in jachtslot yn in úthoeke fan it lân in prins fermoarde wurdt, en Hetwar oan him de opdracht tafertrout om it lyk en de moardneresse nei de haadstêd te bringen, ûntdekt Ingrey dat der frjemde en ôfgryslike dingen geande binne, dêr’t hysels oan kop en earen ta yn behelle rekket.
In moard dy’t selsferdigening blykt te wêzen, in moardneresse dy’t op mear as ien mêd Ingrey syn oandacht opeasket, in moardsuchtige betsjoening dy’t him oplein wêze moat troch immen út syn kunde … De wei werom nei de haadstêd is fol gefaren.
En sels as er dêr wer oankomt, is er noch net feilich, want in dûnkere, skriklike fijân kriget him yn ’e macht. Mar it docht bliken dat dat net de iennichste is dy’t Ingrey besiket te manipulearjen. En dan wurdt njonkelytsen oan Ingrey iepenbiere hokker lotsbestimming oft oan him taparte is troch de goaden, de ferflokten en de deaden.
Oerset yn it Frysk troch Willem Sjoerds Janzen
Willem Sjoerds Janzen waard berne op 7 novimber 1974 yn it Diakonessehûs te Ljouwert. Hy groeide op yn in frysksinnich fermidden te Baaium, yn ’e Greidhoeke, dêr’t syn heit feehâlder wie. Hy die op ’e middelbere skoalle eksamen yn it Frysk, en studearre it letter in blaumoandei yn Grins. Hy is in grutte fan fan Ingelsktalige fantasy- en science fiction-literatuer. Yn 2012 kombinearre er dy leafhawwerij mei syn fassinaasje foar it Frysk troch The Hallowed Hunt, fan ’e ferneamde Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold, oer te setten yn syn memmetaal.
Aanvullende informatie
| Auteur |
|---|
Het vergeten lied
€ 28,50De laatste brief voor Auschwitz
€ 29,50Aiden
€ 22,50






