De skriuwster is berne út Fryske âlden yn de stêd Grins (1946). As tredde yn in húshâlding mei fjouwer bern learde hja thús Frysk praten. Letter ferhuze de famylje nei Ljouwert, sadat hja it stedsfrysk ek omraak prate kin. Yn 1968 waard hja learares yn it ûnderwiis oan dûbel-beheinde bline bern, in ûnderdiel fan de blineskoalle Bartimëus yn Zeist. Hja troude mei de Fries Jelle Reitsma. Sy setten harren te wenjen yn Drinte. Hja krigen trije bern dy’t fan jongs ôf Frysk, Nederlânsk en Drintsk leard hawwe. Yn har trouwen hat hja dieltiid lesjûn oan de âldste learlingen fan it basisûnderwiis. Doe’t hja 48 jier wie is hja mei de stúdzje teology yn Grins úteinsetten. Yn 2003 waard hja dûmny yn de ‘Protestantske tsjerke fan Achlum en Hitsum’.

1 artikelen  

Verwijder alle