Sjieuwe Borger waard berne yn Meppel. Syn ierste bernetiid brocht er troch yn Gythoarn dêr’t syn heit ûnderwizer wie oan de iepenbiere legere skoalle. Dêrnei ferfearne sy nei Grou, en makke er it doarpslibben mei alle innen en oanen mei. Hy die gymnasium yn It Feen en studearre dêrnei rjochten yn Grins. Op de legere skoalle begûn er mei skriuwen. Der is in boekje út dy tiid, it siet der altiten al yn. Syn freon Durk van der Veen sette him wer te skriuwen oan en tegearre hiene sy ein jierren 90 in fúljeton yn de Blauwe Fedde fan Nyk de Vries en Meindert Talma. Dêrnei fûn de skriuwer syn styl. Ien fan syn skaaimerken is de ferteller as observator. Yn 2018 ferskynde by Elikser fan him de roman Pûlen yn ’e pot.

4 artikelen  

Verwijder alle